Plysje Noardeast-Fryslân: Oppasse foar wikseltrúks

30 okt 2015 - 19:56

De plysje yn Noardeast-Fryslân warskôget minsken op te passen foar wikseltrúks. Yn ûnder oare Damwâld en Hurdegaryp ha freed meardere ynsidinten west mei falsk jild. Wat der krekt bard is, is net bekend.

De plysje freget boargers wach te wêzen en út te sjen nei in Ingelsk-sprekkende man tusken de 35-45 jier. De man rydt yn in donkere BMW 3-searje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)