Plysje Noard-Nederlân rint dreechste etappe Fjouwerdaagse

23 jul 2015 - 08:17
  • Fjouwerdaagse fan Nijmegen

Tongersdei is de tredde dei fan de Nijmeegske Fjouwerdaagse al betiid fan start gien. De rûte giet lâns Groesbeek en de tûzenen dielnimmers moatte ek de sân heuvelen foarby. De tredde etappe fan de Fjouwerdaagse stiet bekend as de dreechste.

Oeble Bouma rint mei kollega's fan de plysje Noard-Nederlân mei oan de 50-kilometer tocht. Se rinne foar de fjirde kear as groep, mar sels rint Bouma al foar de 31e kear mei. Om 04.00 oere gie er al fan start. Bouma hat gjin klachten, mar ien fan syn kollega's moast mei rêchklachten ôfheakje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)