Plysje Noard-Nederlân krijt folle mear anonime tips

10 sep 2015 - 10:47
  • Meiwurker Meld Misdaad Anoniem

It tal tips by Meld Misdaad Anoniem yn Noard-Nederlân is yn de earste helte fan 2015 mei 20 prosint tanommen. Der kamen hast 700 tips binnen oer drugshannel, stellerij, brânstichting en geweld. De tips binne trochjûn oan de plysje. Lanlik hawwe benammen de meldings oer brânstichting holpen by it oplossen fan ferskate saken, lykas de jachthavenbrannen yn Limburch wêrby't foar miljoenen euro's oan skea ûntstie.

Lanlik kamen ek in soad meldings binnen oer minskehannel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)