Plysje nimt twa rydbewizen yn

18 aug 2010 - 11:05

De plysje hat tiisdei yn de gemeente Snits twa rydbewizen yn beslach naam. De bestjoerders rieden fierstente hurd. In automobilist (41) út Ljouwert ried mei 125 kilometer yn de oere op de Koaiwei ûnder Offenwier. Der mei 60 kilometer riden wurde.

In autorider (49) út Snits is tiisdeitejûn pakt doe't er mei 171 kilometer oer de A7 ried. De maksimaal tastien snelheid is 120 kilometer yn de oere. Beide bestjoerders krigen in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)