Plysje nimt rydbewizen yn fan twa automobilisten

02 jun 2015 - 07:06
  • Rydbewiis

Twa automobilisten moasten moandei harren rydbewiis ynleverje nei in snelheidsoertreding. Op de N7 by Snits waard in 22-jierrige man út de gemeente De Fryske Marren betrape. Hy ried 139 kilometer yn de oere.

Op de Jinshuzen by Akkrum gong in 41-jierrige ynwenner fan de gemeente Hearrenfean op de bon. Syn snelheid waard metten op 143 kilometer yn de oere. Op beide diken is 80 kilometer yn de oere tastien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)