Plysje nimt rydbewizen yn

29 nov 2008 - 13:47

In man (53) út De Westereen moast freedtemiddei syn rydbewiis ynleverje, omdat er fierstente hurd ried. De man ried op de Iedyk ta hichte fan Wânswert mei in faasje fan 119 kilometer yn de rjochting fan Burdaard. Hjir is 60 km tastien. Nei in achterfolging koe de fertochte yn Hallum oanholden wurde.

Op de Breedyk yn Stiens mocht in man (37) út dat doarp syn rydbewiis ynleverje. De man ried 138 kilometer, wylst dêr 80 tastien is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)