Plysje nimt rydbewiis yn fan drugs- en drankrider

21 sep 2015 - 10:36

De plysje hat yn de nacht fan snein op moandei it rydbewiis ynnommen fan in 22-jierrige bestjoerder út Burgum. De man waard by in alkoholkontrôle oan de Dr. B. Hornstrasingel oan 'e kant set. Hy ferklearre dat er in joint smookt hie. Hy hie ek in pûdsje mei himp by him.

By in blaasproef yn it plysjeburo die bliken dat de man ek tefolle drank op hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)