Plysje nimt ringen yn beslach

04 jan 2012 - 11:19

De ringen dy't âldjiersferiening De Geitefok meinommen hat fan it Olympysk Stadion yn Amsterdam, binne yn beslach naam troch de plysje. Dat is dien op oantrún fan it Iepenbier Ministearje yn Amsterdam. It Olympysk Stadion hat oanjefte dien fan it meinimmen fan de ringen. Se sjogge de humor fan 'e âldjiersploech der net fan yn. Se binne der ek net bliid mei dat de ringen werom brocht wurde soene en dat der dan in soad mediabelangstelling foar wêze soe.
Neffens it Iepenbier Ministearje hat de stellerij ek plysje-ynset koste. Dat kostet jild en moat ek betelle wurde.

It is noch net bekend of de âldjiersploech ek echt ferfolge wurde sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)