Plysje nimt reptilen yn beslach

13 jul 2001 - 00:00

De Ljouwerter plysje hat freed yn 'e Gysbert Japicxstrjitte yn gearwurking mei AID en bistebeskerming 8 reptilen yn beslach nommen. It giet om sân salamanders en om in saneamd gilameunster, in tige seldsume en giftige hagedis. It is ferbean om sokke bisten thús te hawwen.

Tsjin de 61-jierrige eigner is prosesferbaal opmakke. De man hat ek noch slangen, mar dy mei er hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)