Plysje nimt op De Lemmer partij fjoerwurk yn beslach

21 des 2014 - 12:37

Op De Lemmer is in grutte partij fjoerwurk yn beslach naam. Yn in wente oan de Spaanderbank fûn de plysje nitraatbommen en Cobra's. In 19-jierrige jonge is dêrby as fertochte heard. De plysje hie ynformaasje krigen dat de jonge yn yllegaal fjoerwurk hannelje soe. By ûndersyk waard it fjoerwurk oantroffen. It is yn beslach naam en sil ferneatige wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)