Plysje nimt nepwapen serieus

11 sep 2002 - 00:00

In 24-jierrige man út Easterwâlde is tiisdei oppakt om't er in man mei in neppistoal bedrige hie. It gong om in fjoeroanstekker dy't op in wapen like. De man sette it nepwapen tsjin de holle fan in man út Appelskea, mar sei letter dat it om in geintsje gong.

De Easterwâlder koe oppakt wurde doe't er in oare man mishannele. Hy wurdt beskuldige fan bedriging mei de dea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)