Plysje nimt luchtbuks en honkbalkneppel yn beslach

21 aug 2015 - 11:00

In 28-jierrige man út Balk is tongersdeimoarn oppakt om't er in luchtbuks en honkbalkneppel yn 'e auto lizzen hie. Plysjeminsken setten de man oan de kant op de Sjarketorenstrjitte yn Snits om't er oan it bumperkleven wie en gjin foarrang joech op in rotonde. By in kontrôle fan de auto fûn de plysje de wapens.

Om't de luchtbuks en de kneppel ferbeane wapens binne, binne se yn beslach naam. By in blaastest hat ek noch bliken dien dat de Balkster tefolle alkohol dronken hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)