Plysje nimt kentekenbewizen yn

26 apr 2014 - 11:54
  • Plysjeauto

De plysje hat tongersdeitejûn by in kontrôle trije kentekenbewizen fan automobilisten ynnommen. Tolve auto's en bromfytsen yn de omjouwing fan Ljouwert waarden fan de dyk ôfhelle en nei it plysjeburo brocht foar in lûdsmjitting.

By de heechste lûdsôfwiking waard 20 desibel metten. Fierder dielde de plysje proses-ferbaal út foar ferskate defekten, lykas in kapotte remferljochting, in lekke útlaat, in glêde bân of it net dragen fan in helm.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)