Plysje nimt fjouwer rydbewizen yn foar te hurd riden

21 okt 2015 - 14:40
  • Rydbewiis

De plysje op It Hearrenfean hat woansdeitemoarn fjouwer rydbewizen ynnaam op it knooppunt fan de A32 en de A7. Fanwege wurksumheden oan de dyk is de maksimumsnelheid op guon dielen fan de sneldyk werombrocht nei 70 kilometer. Dochs ride guon bestjoerders noch 129 kilometer yn de oere.

Neffens de plysje binne de ferkearsbuorden werop de snelheid oanjûn wurdt, dúdlik genôch om sjen te kinnen hoe hurd je meie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)