Plysje nimt fiif rydbewizen yn

20 maaie 2005 - 13:54

De plysje hat tongersdei fan fiif automobilisten it rydbewiis ynnaam. By twa wie dat, omdat se fiersten te hurd riden. In ynwenner fan Sint Anne hie by Kimswert 154 op 'e teller, wylst 80 tastien is. In ynwenner fan Wevershoof ried by Marsum 174, wylst dêr in maksimum fan 120 jildt.

Trije oare automobilisten rekken har rydbewiis kwyt, omdat se mei tefolle drank op efter it stjoer sieten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)