Plysje nimt 5 rydbewizen yn

16 mrt 2009 - 11:16

De plysje hat snein by in snelheidskontrôle fiif rydbewizen ynnaam. Twa manlju (20) út Garyp waarden oanhâlden op de Kwerderwei yn Kollumerpomp. Se wiene oan't racen en rieden 142 kilometer de oere op in dyk dêr't 80 riden wurde mei. De twa moasten ek har auto ynleverje.

Op de Lauwersemeerwei by Kollum ried in bestjoerder (22) 60 kilometer te hurd by in ynhelmanoeuvre. Ek dêr is de maksimumsnelheid 80.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)