Plysje nimt 4 messen yn beslach

24 okt 2005 - 09:44

By in previntive fûillearaksje op de Wurdumerdyk yn Ljouwert hat de plysje sneontemiddei fjouwer messen yn beslach nommen. De aksje waard hâlden fan ûngefear trije oere oant healwei seizen. Meiinoar waarden 146 minsken kontrolearre.

Itselde plysjetiim hâlde sneontejûn in ferkearskontrôle. Doe waarden yn Ljouwert 88 bestjoerders oanhâlden. Net ien hie tefolle drank op. Wol hiene guon minsken de autogurdel net om.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)