Plysje moat sjitte op A32

04 jan 2013 - 06:10
  • De fertochte riedt op de plysjemotor yn

In motorplysje hat tongersdeitejûn op de A32 twa kear in warskôgingsskot lost. De man siet achter in fertochte fan meardere ynbraken oan. Dy man wie troch plysjes sjoen yn Easterwâlde en doe hurd útnaaid.

Op de grutte dyk by Aldeholtpea sette er syn auto yn de achterút en ried er op de motorplysje yn. Dy waard net rekke, mar foel wol. Hy hat doe twa kear sketten. Fanwege de feiligens is besletten de fertochte net fierder te achterfolgjen. De plysje wit wol om wa't it giet en sil de man letter oanhâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)