Plysje moat Frysk ferstean

24 mrt 2006 - 08:47

Alle boargemasters binne it der oer iens: de plysjeman dy't yn Fryslân wurket, moat it Frysk ferstean kinne. Tongersdei hat korpsbehearder Dales yn it regionaal kolleezje in offisjele ferklearring foarlêzen.

Dêryn stiet dat plysjeminsken yn Fryslân it Frysk passyf behearskje moatte en oars op kursus moatte. It gebrûk fan it Frysk by de plysje soarge dit jier foar in soad opskuor en diskusje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)