Plysje moat besunigje

24 mrt 2010 - 12:25

Net allinne by de brânwacht, mar ek by de plysje binne grutte jildsoargen. Der wurdt op dit stuit besjoen wêr't yn de plysje-organisaasje besunige wurde kin. Foar 2010 is noch altyd gjin slutende begrutting te meitsjen en ek oer 2011 binne se der noch net wis fan oft dy situaasje feroaret.

It regear hie plannen foar in ekstra finansjele ynjeksje yn 2011, mar troch de fal fan it kabinet driget dat foarearst net troch te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)