Plysje mei bikes op it iis

10 feb 2012 - 09:57

De plysje hat tongersdei op it iis yn Snits kontrôles hâlden op bikes mei spikebannen. De kontrôles wiene op it iis fan de Geeuw, de Kolk, de stedsgrêften en de Zwette. Op de Geeuw is de bestjoerder fan in crossende brommobyl fan it iis stjoerd. Ek in tal bromfytsers crosste op it iis en moast fuort.Mei de spike-bannen kin de plysje op it iis flugger yngripe. De plysje sil ek de kommende dagen noch op dizze wize kontrolearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)