Plysje makket flater by oefening

26 feb 2005 - 13:20

De plysje hat in flater makke troch de meiwurkers fan garaazje Van_der_Kooy yn Ljouwert net yn te ljochtsjen oer in oefening dy´t se dêr holden ha. Trije manlju klommen woansdei by Van_der_Kooy oer it stek en ien ferstoppe himsels yn in auto.

It gong om in oefening fan de plysje. Dy hie elkenien yn de omjouwing ynljochte, útsein de minsken fan Van_der_Kooy. De plysje is ree de skea te beteljen dy´t ûntstien is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)