Plysje makket ein oan ûntfiering

26 aug 2006 - 11:58

De plysje fan Grins hat woansdeinacht in ein makke oan de ûntfiering fan in frou út Kollumersweach. De 36-jierrige frou wie earder dy nacht meinaam út in hûs oan de Albertine Agnesstrjitte yn Grins. Fjouwer fertochten namen har yn in auto mei.

Tsjûgen hiene de ûntfiering sjoen en de plysje belje. Dy koe de fertochten oanhâlde doe't se weromgiene om klean foar de frou op te heljen. It motyf leit yn de relaasjesfear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)