Plysje makket ein oan fjochtpartij yn AZC Drachten

07 sep 2015 - 08:57
  • De plysje makke in ein oan de fjochtpartij yn it AZC yn Drachten

De plysje hat sneontejûn in ein makke oan in fjochtpartij yn it AZC yn Drachten. Der binne trije minsken oppakt. De befeiligers fan it asylsikerssintrum koenen de belutsenen net útelkoar helje en hienen dêrom de plysje belle. De fertochten binne heard en dêrnei wer frijlitten.

Der waard ek noch in ambulânse oproppen foar mooglike ferwûnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)