Plysje lost grut tal saken op

23 maaie 2008 - 10:38

De Ljouwerter plysje hat 25 ynbraken en stellerij fan auto's yn Ljouwert, Snakkerbuorren, Goutum en Snits oplost.

De stellerij fûn plak tusken maaie ferline jier en maart dit jier. Seis minsken tusken de 17 en 50 jier binne oanhâlden op fertinking fan stellerij en guod hele. In spesjaal team fan de Ljouwerter resjerzje en de Noardelike Resjerzje Ienheid die it ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)