Plysje lost 19 ynbraken op

21 okt 2008 - 10:03

De plysje hat mei it oanhâlden fan twa Ljouwerters 19 ynbraken oplost. De twa waarden yn augustus yn in loads oan de Adoniswei yn Ljouwert oanhâlden.

Yn de loads fûn de plysje in hiel soad guod, dat de mannen stellen hiene út bedriuwen en auto's dy't op bedriuweterreinen yn LJouwert en Frjentsjer stiene. In grut part fan it guod is werom gien nei de eigners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)