Plysje lost 102 ynbraken op

26 jan 2011 - 10:19

In spesjaal team fan de plysje hat mei de oanhâlding fan seis fertochten 102 ynbraken oplost. De seis manlju, fjouwer Ljouwerters, in Burgumer en in Doanjumer, wurde fertocht fan in searje ynbraken yn kelderboksen, wenningen, bedriuwen en auto's yn Ljouwert en Snits.

De ynbraken wiene fan july oant en mei novimber 2010. De fiif resjersjeurs fan it ynbraketeam kamen de manlju op it spoar troch bylden fan in befeiligingskamera.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)