Plysje lost 10 ynbraken op

26 maaie 2011 - 10:30

Mei de oanhâlding fan in 30-jierrige man út Litouwen hat de plysje mear as tsien wenningynbraken yn Noard-Fryslân oplost. De man waard yn de nacht fan moandei op tiisdei oanhâlden op de Dokkumerwei by Ealsum. De man wie útnaaid nei't hy op 'e died betrape wie by in ynbraak yn in hûs oan de Smidstrjitte yn Hantum.

De plysje hat in ûndersyk ynsteld yn de keamer dy't de man hierde by in pensjon. Dêr waarden sân laptops, kamera's en mobile telefoans fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)