Plysje Ljouwert rukt út om fertochte Jumbotas mei flessen

08 jun 2015 - 08:09

De plysje is sneintejûn yn Ljouwert útrukt foar in tas mei flessen. Tsjûgen melden dat der in fertocht pakketsje by in appartemintekompleks oan it Amelânshôf stie. Om't it om in Jumbotas gie, naam de plysje de melding serieus en sleat de strjitte ôf. Sneon wie der noch in bommelding by in Jumbo supermerk yn Grins.

Ut ûndersyk die bliken dat de ynhâld net gefaarlik wie. De plysje hat de flessen fuortsmiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)