Plysje Lemmer helpt by ûngelok

31 aug 2008 - 15:24

De brânwacht fan de gemeente Lemsterlân hat sneontejûn assistinsje ferliend by in deadlik ûngelok by Rutten yn de Noardeastpolder. In 28-jierrige ynwenner fan dat plak kaam dêrby om it libben.

De man wie mei in kombine op it lân oan it wurk oan de Lemsterweg. Troch ûnbekende oarsaak kaam er beknypt te sitten yn de lânboumasine. De 28-jierrige ferstoar op it plak fan it ûngelok. De Arbeidsynspeksje sil de oarsaak fan it drama ûndersykje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)