Plysje leit spoarbermmeanen stil

08 maaie 2003 - 00:00

De plysje hat it meanen fan de spoarbearmen by Skearnegoutum stillein, nei't ProRail, it eardere Railinfrabehear, in tal fûgels fermeald hie. De pleatslike fûgelwacht skeakele de plysje yn. Op syn minst trije nesten wiene fernield.

ProRail hat de Flora- en Faunawet skeind en mei net earder as 15 july wer meane. De plysje kontrolearret oft ProRail him oan it meanferbod hâldt. Mooglik folgje der boetes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)