Plysje leit beslach op boat

01 sep 2008 - 11:32

De plysje hat sneintejûn oan De_Lits de boat fan in Ljouwerter (38) yn beslach nommen. Koart dêrfoar wie dêr in fjochtpartij melden. Buertbewenners hiene de skipper oansprutsen op syn fargedrach, om´t er fierstente hurd troch de wyk fear. Neffens de buertbewenners wie dat al faker bard.

De skipper hie dêrby in Ljouwerter (68) by de kiel grypt. It slachtoffer hat oanjefte dien fan mishanneling. De plysje trof de skipper net mear oan en naam doe syn boat yn beslach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)