Plysje krijt tûzenen reaksjes oer deade pup Ljouwert

13 jan 2016 - 13:48

De plysje hat al sawat trijetûzen reaksjes krigen op de oprop nei tsjûgen nei oanlieding fan de fynst fan in deade hûn tiisdei yn Ljouwert. Dat seit Natalie Schubart fan 'e plysje.

De pup dreau yn it wetter fan de Potmarge tusken snackbar Potmarge oan de Drachtsterwei en de Intratuin. De plysje is drok dwaande alle reaksjes troch te nimmen, mar kin noch hieltyd nije tips brûke seit Schubart.

De pup is grouwélich tatakele: de kop is fan de romp helle, de ribben binne iepen seage en it hert en de longen binne derút helle. De plysje wit noch net oft dit foar of nei de dea fan de hûn dien is.

In bistedokter hat fêststeld dat it om in jonge pitbull of stafford giet fan sa'n fjirtjin wiken âld. De hûn hie gjin chip, wêrtroch de eigener net efterhelle wurde koe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)