Plysje krijt skeafergoeding

10 mrt 2009 - 11:56
  • Plysjes hawwe soms traumatyske ûnderfinings

In Fryske resjersjeur krijt in skeafergoeding om´t er troch syn wurk by de sedeplysje in posttraumatyske stressstoarnis oprûn. Dy stoarnis rûn er op om´t er it lichem identifisearje moast fan in bekende fan him dy´t himsels tekoart_dien hie.

Wylst er it dêr al hiel swier mei hie, wie er ek nochris behelle yn in saak wêrby´t in poppe slim mishannele wie. De rjochtbank erkende dat de stressstoarnis it gefolch is fan dy saken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)