Plysje krijt mails oer Bosma

02 feb 2011 - 11:49

De plysje hat al tsientallen mails binnenkrigen oer Gaatze Bosma fan De Westereen. Bosma kaam koartlyn yn it nijs om't er minsken foar miljoenen oplicht ha soe. Neffens de plysje stiet yn de mails in soad ynformaasje. Dat giet om ynformaasje fan dupearren, mar ek ynformaasje fan minsken dy't Bosma sjoen ha yn in auto.

Der wurdt útsocht oft der strafbere feiten yn de mails beskreaun wurde. As dat sa is, wurdt dizze minsken frege offisjeel oanjefte te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)