Plysje krige earder meldings út flat Drachten

28 des 2015 - 12:16

De plysje yn Drachten hat de lêste tiid faker meldings krigen fan mooglik gefaar yn de flat yn Drachten dêr't sneintejûn in eksploazje wie. Neffens de plysje wiene der meldings dat him yn ien fan de 38 apparteminten wat ôfspile. Oft dat wat te krijen hat mei doazen mei fjoerwurk yn it appartemint, sa't omwennenden sizze, kin de plysje net sizze.

De plysje hâldt rekken mei alle senario's. Se binne nei alle gedachten noch in pear dagen dwaande mei it ûndersyk nei de oarsaak. By de eksploazje rekke in 46-jierrige bewenner ferwûne.

Fan de 38 apparteminten binne 12 ynstoart en mooglik 20 net langer bewenber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)