Plysje kontrolearret bestelbuskes: 17 oertredings

04 des 2014 - 15:16
  • Plysjekontrôle

De plysje hat woansdei oan de Heliconwei en de Aldlânsdyk yn Ljouwert in ferkearskontrôle holden ûnder bestelbuskes en auto's mei oanhingweinen. Mei-inoar waarden 31 buskes en auto's kontrolearre. Santjin dêrfan krigen in proses-ferbaal. Acht bestjoerders hienen in te swiere óf in net goed fêstmakke lading mei. Ien bestjoerder hie syn lading net goed markearre.

Fierder waarden bekeurings jûn foar glêde bannen, it riden sûnder riem en it riden sûnder jildich rydbewiis of jildige fersekering.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)