Plysje komt geregeld te let

02 jun 2013 - 09:46
  • Plysje

Yn in soad gemeenten yn Fryslân komt de plysje geregeld te let, as der in spoedoprop dien is. Dat docht bliken út ûndersyk fan RTL Nieuws. De plysje op Skiermûntseach komt it faakste te let, sân op de tsien kear. Op de oare eilannen is it ek in probleem foar de plysje om op 'e tiid te kommen.

Mar ek op de fêste wâl slagget it de plysje net altiten om de noarm te heljen, lykas yn Ferwerderadiel, dêr't de plysje yn in kwart fan de gefallen te let komt. De noarm is dat de plysje yn njoggentich persint fan de gefallen op 'e tiid komme moat.

RTL Nieuws hat de oanrydtiden fan de plysje ferline jier ek ûndersocht. Doe hat steatssiktaris Teeven tasein dat der ferbetteringen komme soene. Mar út it nijste ûndersyk fan RTL docht bliken dat de resultaten noch wat minder wurden binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)