Plysje kin meisjen yn trein

21 apr 2009 - 11:54

De plysje kin tenei live meisjen yn de trein tusken Ljouwert en Grins. Reizgers dy't harren bedrige fiele kinne op in knop drukke. De masinist kin dan sjen wa't der te rêden is.

As de masinist de sitewaasje earnstich fynt, kin er de bylden trochsette nei de meldkeamer fan de plysje. Dy kin dan beslute om plysjes yn te setten. Der leit al in ynternetferbining yn 'e treinen. De bewakingskamera's meitsje gebrûk fan deselde ferbining. It giet om treinen fan Arriva.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)