Plysje jout warskôgingsskot

12 mrt 2014 - 10:16
  • Walther P5

De plysje hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei yn Tsjummearum in warskôgingsskot lost. Dat wie doe't plysjeminsken mei in mes bedrige waarden troch in 29-jierrige ynwenner fan it plak. Dy wie yn 'e war en kaam mei it mes oansetten doe't plysjes him helpe woenen. Nei it warskôgingsskot slagge it de plysje om de man oan te hâlden. Doe die ek bliken dat er tefolle dronken hie. De man is foar ûndersyk meinaam nei it buro. Hy sil ek psychyske help oanbean krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)