Plysje hellet rindier fan A31

29 maaie 2014 - 15:44
  • Plysje-auto triuwt it rindier foarsichtich fan de autodyk ôf

De A31 wie tongersdeitemiddei in skoftke ôfsletten tusken Marsum en Frjentsjer, omdat der in rindier op de dyk rûn. De plysje krige yn earste ynstânsje de melding fan in 'eland', mar it die bliken dat it om in folle lytser rindier gie.

It rindier is foarsichtich mei help fan in plysje-auto ferjage. De plysje hat de eigener yntusken ek achterhelle. Der wiene trije rindieren útbrutsen. Ien is ferdôve en wer fongen. De oare twa ûnsnapte rindieren rinne noch frij yn 'e omkriten fan Dronryp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)