Plysje spruts mei slachtoffer

20 okt 2013 - 02:25
  • De brânwacht oan it wurk op de Kelders

De man dy't sneontejûn om it libben kaam by de grutte brân yn de Ljouwerter binnenstêd is in Ljouwerter fan 24 jier. De man wie op it momint fan de brân yn syn appartemint. Plysje en brânwacht hawwe noch telefoanysk kontakt mei him hân, mar koene ta harren grutte frustraasje mei gjin mooglikheid by him komme.

Plysje en brânwacht hawwe dit sneontenacht ferteld op de parsekonferinsje oer de brân op De Kelders yn Post Plaza. De identiteit fan it slachtoffer is noch net frijjûn, omdat dy noch offisjeel fêststeld wurde moat.

De brânwacht giet der fanút dat de fiif troch brân troffen pannen op De Kelders ferlern binne. De brân liket sa njonkenlytsen ridlik ûnder kontrôle, mar it neiblussen sil noch oeren duorje.

De brânwacht sei fierder noch dat se kjel wurden wiene fan hoe bysûnder fluch it fjoer útwreide by de brân op De Kelders. De brân wie fluch op it plak fan de brân mei trije auto's, mar koe it fjoer likegoed net de baas. Yn de âlde gebouwen siet in soad hout en oar brânber materiaal, wêrtroch it fjoer him hiel fluch ferspriede koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)