Plysje hellet slingerjende automobilist fan A32

10 des 2015 - 07:21

De plysje hat woansdeitejûn in 74-jierrige automobilist út Langsweagen fan de dyk helle. De man ried slingerjend oer de A32 tusken Ljouwert en It Hearrenfean. Dêrby kaam er meardere kearen yn de berm telâne. Ek brûkte er it grutljocht fan de auto om de ferkearsbuorden te lêzen, wylst der tsjinlizzers oankamen.

De plysje hat it rydbewiis fan de man ynnaam en him en de auto thúsbrocht. It CBR sil letter beslute oft de Langsweachster syn rydbewiis werom krijt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)