Plysje hellet man fan it iis

20 jan 2013 - 11:15
  • iis

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein op It Hearrenfean in man fan it iis helle. De plysje krige in melding fan omstanners dy't sjoen hiene dat der in man op it iis lei yn de feart oan de Anna Giezenweg. Nei alle gedachten wie de man mei de fyts fallen en sa op it iis bedarre.

Plysjeminsken hawwe in tou om syn mul bûn en him sa nei de kant helle. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. It giet om in 40-jierrige man fan It Hearrenfean. Hy hie ferwûnings oan de holle en wie ûnderkuolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)