Plysje hellet boeven op

06 jun 2010 - 11:58

By in eksekúsje-aksje hat de plysje sneon 145 adressen yn Fryslân besocht fan minsken dy't noch in boete betelje moasten of noch in selstraf útsitte moatte. 24 minsken waarden oppakt. Twa fan har mochten nei hûs nei't se op it buro de boeten betelle hiene. De oaren sitte fêst om har straf út te sitten. Meielkoar moatte sy 374 dagen sitte. In 31-jierrige man út Drachten hie 120 dagen iepen stean. Meielkoar is der 6500 euro oan iepensteande boeten ophelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)