Plysje hellet boetes op

26 nov 2004 - 11:22

De plysje hat mei in spesjale aksje woansdei 2800 euro oan útsteande boetes ophelle by minsken thús. Dat barde û.o. yn Drachten, It Hearrenfean, Sint Nyk en yn Skarsterbrêge. Fiif minsken binne oanholden. It gie om saken as ferkearsboetes, mar ek om in selstraf dy't noch útsitten wurde moast.

De feroardielden wurken net allegear goed mei. Sa ferstoppe in Drachtster him yn de kleankast om de plysje te ûntrinnen. Hy moast mei nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)