Plysje hellet âlde boetes op

10 jul 2011 - 13:52

De plysje hat sneon yn It Hearrenfean, Ljouwert en Drachten goed 13.000 euro oan noch net betelle boetes ophelle. By dy saneamde 'eksekúsje-aksje' waarden 110 adressen besocht fan minsken dy't noch in selstraf útsitte moatte of boetes net betelle ha.

Alve minsken binne oanhâlden om't se de boete net betelje kinne of noch in selstraf iepen stean ha. Sy binne oerbrocht nei finzenis de Grittenborgh yn Hoogeveen. Ien moat noch fiif moannen sitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)