Plysje hellet 40.000 euro oan boetes binnen

22 apr 2015 - 11:15

De plysje en de belestingtsjinst hawwe woansdei by in ferkearskontrôle oan de A6 by Eastersee foar mear as 40.000 euro oan net betelle boetes en belestingskulden ynbard. Fan de mear as 6500 auto's dy't kontrolearre waarden, binne 36 oan de kant set. De bestjoerders koene kieze tusken it beteljen fan de boete of it yn beslach nimmen fan harren auto.

Ien bestjoerder waard trapearre op it riden sûnder rydbewiis. Dy krige in proses-ferbaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)