Plysje hellet 30.000 euro op

18 sep 2014 - 11:01
  • Ferkearskontrôle

By in ferkearskontrôle op de A32 by Wolvegea hat de plysje goed 30-tûzen euro oan iepensteande boetes en belestingjild ynkassearre. Twa minsken binne fêstsetten. De plysje kontrolearre de kentekens fan de auto's. Yn in kompjûtersysteem koene se sjen oft der noch boetes iepen stiene. Plysjes op motors dirigearden dan dêrnei de bestjoerders nei in parkearplak.

De belestingtsjinst barde 20-tûzen euro oan efterstallich belestingjild. Ek is 42 kear beslach lein op in ferfiersmiddel.

Der binne ek 26 bekeurings útskreaun foar oare oertredings, sa as ferfallen APK, ride sûnder jildich rydbewiis en ride mei glêde bannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)