Plysje Hearrenfean siket eigeners stellen guod

19 feb 2015 - 06:49

De plysje fan It Hearrenfean siket de eigeners fan stellen guod dat tiisdei fûn is yn in auto op de A32. De auto stie mei maleur lâns de sneldyk by Haskerdiken. Plysjes seagen in man lâns de sneldyk rinnen en stelden in ûndersyk yn. Yn de auto fan de man waard allerhande nij guod fûn, benammen ark lykas boarmasines. It measte guod siet noch yn de ferpakking.

De plysje hat twa manlju oanhâlden foar heling. It giet om twa manlju fan 24 en 34 jier fan It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)